SC Hearrenfean pakt trije punten tsjin Roda JC

25 feb 2017 - 22:37
Foto: AWfoto

Nei fiif wedstriden sûnder winst, is SC Hearrenfean der wer ris yn slagge trije punten te pakken. Yn it Abe Lenstra Stadion waard Roda JC ferslein mei 3-0.

Hearrenfean hie muoite om kânsen te kreëarjen en tempo yn de wedstriid te hâlden. Yn de 54e minút krige Hearrenfean in fjildoerwicht troch in reade kaart foar Roda-spiler El Makrini. De Feansters rûkten bloed en yn de 60e minút kopte Schmidt de ferlossende 1-0 tsjin de touwen nei in frije traap. Veerman tekene krekt foar tiid foar de 2-0 en Reza benutte in strafskop yn de blessueretiid.

Troch de winst stiet SC Hearrenfean no op it 6e plak yn de earedifyzje mei 36 punten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)