UNIS Flyers mei gemak nei finale Nederlânsk kampioenskip

Stockfoto © Martin de Jong
De UNIS Flyers hawwe harren pleatst foar de finale fan it Nederlânsk kampioenskip iishockey yn Thialf. De Flyers wûnen sneontejûn mei grut gemak fan Amsterdam. It waard 7-1. De perioadestannen wiene 5-1, 0-0 en 2-0.
De Flyers, regearjend lânskampioen, stean snein yn de finale tsjinoer Den Haag. De Hagenaren wûnen earder sneon mei 4-1 fan Eindhoven. De finale begjint snein om 17.00 oere. Om 13.30 oere wurdt om it tredde plak spile troch Amsterdam en Eindhoven.
Final Four
It lânskampioenskip wurdt dit jier yn in fernijde foarm spile, de saneamde Final Four. De bêste fjouwer Nederlânske ploegen spylje dit wykein yn Thialf tsjinelkoar. Dat is oars as yn de ôfrûne jierren, doe't de Bene League, mei teams út Nederlân en België, liedend wie foar de útslach. Om't UNIS Flyers ferline jier de finale spile tsjin Herenthals út België, wie it team al foar de einstriid kampioen fan Nederlân. Dat joech by de Fryske klup gjin foldwaning. Foarsitter Henk Hoekstra is dan ek bliid mei de nije opset.