Opmerklike comeback Aris yn 'wedstriid fan it jier'

25 feb 2017 - 21:52
Aris Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris binne der sneon op spektakulêre wize yn slagge de wichtige wedstriid tsjin Apollo Amsterdam te winnen. It waard 102-88. Foar de Ljouwerters wie dit 'de wedstriid fan it jier'. Troch de winst op direkte konkurrint Amsterdam meitsje se nammentlik noch in kâns op de play-offs. By ferlies wie it seizoen feitlik foarby west foar Aris.

Aris rûn al gau efter de feiten oan en nei it earste kwart stie it dan ek 28-20 foar de besikers. Amsterdam rûn dêrnei rap út nei 45-27. Ek yn it tredde kwart wie Amsterdam better, dat yn 65-49 ôfsluten waard. Mar Aris makke yn it lêste kwart in enoarme comeback, wêrtroch't in ferlinging nedich wie. En dy wûn Aris úteinlik noch, sadat der by it einsinjaal 102-88 op it skoareboerd stie foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)