LDODK spilet op nipperke lyk tsjin TOP Sassenheim: 23-23

25 feb 2017 - 21:41

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn gelyk spile tsjin TOP Sassenheim. Yn de eigen hal waard it 23-23.

De wedstriid tusken de nûmer twa en trije fan de korfbal league gie lang lyk op. De earste helte waard ôfsletten mei in lytse foarsprong foar TOP: 13-10. Ek nei it skoft wiene beide ploegen yn lykwicht. TOP naam noch in lytse foarsprong fan 23-21, mar LDODK luts de stân krekt op tiid gelyk: 23-23. Man fan de wedstriid waard André Zwart. De LDODK'er wie net alhiel fit, kaam yn de twadde helte yn it fjild en skoarde fiif kear.

Sa soarge hy yn de lêste minút mei twa goals foar de 23-23 einstân.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)