UPDATE: Das begjint yn efterhoede op WK sprint, Ter Mors 3e

25 feb 2017 - 22:55
Foto: Martin de Jong

Anice Das fan It Hearrenfean is yn de efterhoede begûn oan it WK sprint yn it Kanadeeske Calgary. Se waard op de earste 500 meter fan sneon 20e yn in tiid fan 38.43 en op de 1.000 meter ek 20e yn 1.16.35. Jorien ter Mors stiet nei de earste dei 3e yn it klassemint. Se ried yn 37.55 nei it 5e plak op de 500 meter en waard yn in nij Nederlânsk rekôr (1.12.53) twadde op de 1.000 meter.

Kodaira superieur

De winst op sawol de 500 as de 1.000 meter gie nei Nao Kodaira út Japan. Se ried op de 500 meter in geweldige tiid fan 36.75. Dit wie krekt gjin baanrekôr (36.74). Op de 1.000 meter ried Kodaira 1.12.51, wat wol in nij baanrekôr wie. Efter Kodaira stiet Heather Bergsma twadde yn it algemien klassemint. Sy waard tredde op sawol de 500 as de 1.000 meter.

Rekôrs Mulder en Nuis

Ronald Mulder wûn sneon de earste 500 meter by de manlju yn in nij Nederlânsk rekôr: 34.18. Twad waard Roman Kretsj út Kazachstan (34.21) en Roeslan Moerasjov út Ruslân waard tredde (34.29). Kai Verbij waard 9e en Kjeld Nuis 18e.

Nuis naam op de 1.000 meter revânsj troch in nij Nederlânsk rekôr te riden: 1.06.61. Kai Verbij ried ek in persoanlik rekôr yn 1.06.73. Verbij giet nei twa ôfstannen oan de lieding yn it klassemint, foar Nico Ihle út Dútslân en Havard Lorentzen út Noarwegen. Nuis stiet no 4e en Mulder stiet 5e yn it klassemint.

Snein ride de manlju en de froulju nochris in 500 en 1.000 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)