Sulver foar turnster Sanne Wevers op balke yn Australië

25 feb 2017 - 13:40
Sanne Wevers, hjir op de Olympyske Spelen yn Brazilië fan ferline jier - Foto: ANP

Olympysk turnkampioene Sanne Wevers fan It Hearrenfean hat sulver wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Melbourne. Op it ûnderdiel balke helle se in skoare fan 14.500.

It wie Wevers har earste wedstriid sûnt har gouden optreden op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Tongersdei waard se tredde by de kwalifikaasje. No die se it dus better. Allinnich de Sinese Tingting Liu wie neffens de sjuery better. Sy wûn it goud mei in skoare fan 14.766. Emily Little wûn it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)