Fergrizing is bedriging foar karnaval

25 feb 2017 - 13:17
  • Fergrizing is bedriging foar karnaval
  • Gert Mengerink, foarsitter fan karnavalsferiening De Oeletoeters

Fergrizing en gebrek oan romte foar de karnavalsweinen binne in bedriging foar de takomst fan karnaval. Dat sei Gert Mengerink, foarsitter fan karnavalsferiening De Oeletoeters sneon by de start fan it karnaval yn Snits.

De romte dêr't de weinen altyd stean, ferdwynt. Se hawwe noch altyd gjin oar plak. It slagget ek hieltyd minder om de jeugd de belûken by de feriening. Mar dat stie in feestje sneontemoarn by de oerlanging fan de kaai fan de stêd net yn it paad.

Sneontemiddei om twa oere set de karnavalsoptocht yn it sintrum fan Snits útein en dan is sneontejûn it karnavalsbal.

(advertinsje)