Nije opset foar NK iishockey: de bêste út fjouwer

25 feb 2017 - 13:17

In nij evenemint moat de striid om it NK iishockey wer wat glâns jaan. De fjouwer bêste Nederlânske klups nimme it sneon en snein yn Thialf tsjininoar op yn de saneamde Final Four. Dat is oars as yn de ôfrûne jierren. Dêryn wie de BeNE League mei teams út Nederlân en België liedend foar de útslach.

Om't de ploech fan UNIS Flyers ferline jier de finale tsjin Herenthals út België spile, wiene se al foar de einstriid kampioen fan Nederlân. Dat joech by de Fryske klup gjin foldwaning. Foarsitter Henk Hoekstra is bliid mei de nije opset fan no.

Sneontemiddei spylje Eindhoven en Den Haag tsjininoar yn de heale finale. Sneontejûn komme de Flyers út tsjin Amsterdam. De winners fan beide duels spylje sneintemiddei om de Nederlânske titel.

(advertinsje)
(advertinsje)