Noch in skelet fûn yn tsjerke fan Skettens

25 feb 2017 - 09:39

Der is noch in skelet fûn yn de kelder ûnder de tsjerke fan Skettens dêr't earder it stoflik omskot fan Skelte fan Aysma oantroffen waard. Skelte wie in 17de iuwske militêr. De fynst fan syn bonken wie grut nijs foar it doarp. Freed binne de lêste opgravingen dien. Der is mei-inoar noch oardel kúb grûn úthelle. Neist de bonken wiene der gjin oare wichtige fynsten.

De bonken dy't no fûn binne, gean mei foar ûndersyk. Wannear't se weromkomme, wurdt dêrfoar in replika makke fan in 17e iuwske deakiste dêr't se yn lizze kinne.

Trefwurden: 
Skettens Skelte van Aysma
(Advertinsje)
(Advertinsje)