Sipke Hulshoff: "Wy kinne hiel goed fuotbalje"

24 feb 2017 - 23:06

"Ast tsjin sa'n tsjinstanner sa'n wedstriid fuotbalje kinst, dan litst wol efkes sjen datst hiel goed fuotbalje kinst." Cambuurtrainer Sipke Hulshoff draait der net omhinne. Hy is tige wiis mei it spul dat syn ploech freedtejûn sjen liet tsjin MVV. "Hjir stiet in tige, tige tefreden trainer." Neffens Hulshoff is de wedstriid fan freed in goed foarbyld fan hoe fier as de ploech no is.

"Wy hawwe it al tsjin Dordrecht sjen litten, wy hawwe it thús tsjin Helmond Sport sjen litten. Fortuna wie dan efkes wat minder, mar wy hawwe it hjoed wer sjen litten." sa seit de trainer. "Wy binne gewoan echt in goeie ploech, wy kinne heech tempo spylje en wy hawwe in protte posysjewikselingen. Wy spylje heech op, want hast de hiele wedstriid hawwe wy tsjin de middelline op stien. Dus wy hawwe echt in ploech dy't poerbêst fuotbalje kin."

Kolkjende sfear

Net allinnich de trainer hie it yn de wedstriid tsjin MVV bot nei't sin, ek it Cambuurpublyk soarge foar in kolkjende sfear yn it stadion. En dat is foar Hulshoff ek wichtich: "Wy wolle ek hiel graach it publyk fermeitsje en dat hawwe wy jûn fan begjin oan de ein wol dien."

"Heerlijk avondje", sa konkludearret doelpuntemakker Sander van de Streek. "Voetbal is altijd leuk, maar dit maakt het natuurlijk nog veel leuker. Als je dan 4-0 wint van een directe concurrent die ook nog eens boven je staat, dan geeft dat alleen maar een goed gevoel."

Troch de winst komt Cambuur op 1 punt fan MVV te stean, op plak seis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)