Froulju SC Hearrenfean hurd ûnderút tsjin FC Twente

24 feb 2017 - 21:50
Trainer Jan Schulting - Foto: Martin de Jong

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne freedtejûn hurd ûnderút gien tsjin FC Twente. Yn de útwedstriid wie it al binnen 15 minuten 1-0 foar de thúsploech. In botsing fan de keeper mei in ferdigener soarge derfoar dat de Twentske froulju skoare koene. Yn de 29ste minút folge dêrnei de 2-0 troch in prachtige goal fan Renate Jansen. Ek de 3-0 waard al yn de earste helte op it skoareboerd set. In cornerbal fan de Fryske spylster fan FC Twente Sherida Spitse fleach yn ien kear it Feanster doel yn.

Yn de twadde helte joech FC Twente de foarsprong net mear fuort, wêrmei't de einstân op 3-0 stean bleau.

Troch it ferlies komme de froulju fan SC Hearrenfean net yn de kampioensgroep, de earste fjouwer fan de earedifyzje. Mei noch fjouwer wedstriden te gean sille sy it opnimme moatte tsjin Telstar, Achilles '29 en PEC Zwolle foar de striid om it fiifde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)