Ferbouwing soarchsintrum Nij Bethanië yn folle gong

24 feb 2017 - 20:28

De ferbouwing fan soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum is yn folle gong. Der wurde op it stuit nije wenningen makke en der komt in folslein nije gevel mei entree. Ek it atrium en de gongen yn it gebou wurde oanpakt.

De ferbouwing betsjut in nije kâns foar it soarchsintrum yn it doarp. Soarchgroep Noorderbreedte woe it in pear jier lyn slute, om't it te djoer waard. Soarchsintrum Het Bildt seach wol takomst yn Nij Bethanië en is no drok dwaande it gebou by de tiid te krijen. 

Begjin febrewaris binne de earste bewenners ferhuze nei harren nije ûnderkommen. Foar harren is it noch efkes trochbite, want se sitte midden yn de rommel fan de ferbouwing. Neffens direkteur Atje Tadema sil dat net lang mear duorje. Heal maart moatte alle wurksumheden klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)