Boer en politikus Huitema mei Boerburgertweet oernimme

24 feb 2017 - 20:09

Europarlemintariër en melkfeehâlder Jan Huitema fan Makkingea mei takom wike it Twitter- en Facebookaccount fan Boerburgertweet oernimme. Boerburgertweet wurdt folge troch mear as 6.000 minsken op Twitter en 12.000 op Facebook.

Huitema mei op de accounts alle dagen fertelle oer wat er krekt docht as melkfeehâlder en politikus. Minsken kinne dan in idee krije fan it deistich libben fan Huitema. De accounts wurdt alle wiken oan in oare boer tawiisd, dy't sa sjen lit hoe't it libben der foar agrariërs yn Nederlân útsjocht.

(advertinsje)
(advertinsje)