Selstraf ûnder betingst fanwege 'behoarlik GHB-probleem'

24 feb 2017 - 19:54
GHB

In 25-jierrige Drachtster hat seis wiken selstraf ûnder betingst krigen foar syn belutsenheid by it produsearjen en ferkeapjen fan GHB. De man hat sels net aktyf dwaande west om de drugs te meitsjen of te ferkeapjen, mar neffens de rjochter wie er der wol faak by as de yngrediïnten kocht waarden. Ek naam er telefoantsjes oan fan minsken dy't GHB keapje woene.

De fertochte en syn freonen makken gewoanwei seis liter GHB de kear. Dat waard dan ferkocht oan jongeren dy't omhingje by it skatepark en it Thalenpark yn Drachten.

De Drachtster kaam yn byld by de ûndersiken nei oare drugsbrûkers en dealers. Yn juny 2016 waard er oanhâlden mei twa fleskes GHB yn de bûse. De rjochter sei it idee te hawwen dat de man in 'behoarlik probleem' hat mei GHB.

Neffens de advokaat fan de fertochte stiet de man iepen foar behanneling. Der soe al kontakt wêze mei ferslavingssoarch. De rjochter hat de man ûnder tafersjoch fan reklassearring steld en fynt dat er him ferplicht behannelje litte moat.

Trefwurden: 
selstraf GHB Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)