Follybalster Steenbergen fan VC Snits hâldt op by Oranje
Follybalster Quinta Steenbergen fan VC Snits is net mear beskikber foar Oranje. De 31-jierrige middenoanfalster is yn ferwachting fan har earste berntsje en wol har rjochtsje op har maatskiplike karriêre. It is noch net bekend oft se ek ophâldt by VC Snits. Ofrûne snein wûn Steenbergen noch de bekerfinale mei de ploech fan Petra Groenland.
Foar Oranje spile Steenbergen 221 ynterlannen en ôfrûne simmer makke se diel út fan de seleksje dy't as fjirde einige op de Olympyske Spelen yn Rio.