Keninklike ûnderskieding foar Dienie Post-Ottenhoff

26 feb 2017 - 16:15
Foto: ANP

Dienie Post-Ottenhoff is snein yn Wolvegea beneamd ta lid in de Orde van Oranje Nassau. Se krige de keninklike ûnderskieding út hannen fan boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf. De 78-jierrige Post-Ottenhoff is as frijwilliger warber foar ferskate toaniel-, kabaret- en koarferieningen yn de Stellingwerven.

Sa hat se 50 jier spile by toanielgroep 'Kunst naar Kracht', dêr't sy ek 25 jier bestjoerslid is en 15 jier regisseur.

Fierders wie Post-Ottenhoff ek inisjatyfnimmer en regisseur fan de musical Pieter Stuyvesant yn 2012 en oprjochter fan it Stellingwerfkoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)