Omrop TIP: "Sjonge is sûn en bringt harmony!"

26 feb 2017 - 09:30

Sjongpedagooch Jan Ate Stobbe fynt dat we mear sjonge moatte. Net allinne omdat hy sels sljocht is op sjongen, mar omdat we der sûner fan wurde, sawol fysyk as geastlik. Boppedat soarget it mei syn allen sjongen foar harmony en dat kin de wrâld wol brûke.

By sjongen feroaret dyn hâlding, giest rjochter op stean. Sjongen is ien fan de meast elemintêre, fysike aktiviteiten dy't we dwaan kinne. "As ik sjong produsearret myn lichem trillingen en dy komme by dy troch de earen nei binnen, dus eins ha wy in fysike bân as wy sjonge", seit Stobbe.

Bining

Neffens Stobbe is wittenskiplik oantoand dat in heal oerke sjongles genôch is om it nivo fan it hormoan oksytosine by minsken omheech te krijen. Oksytosine wurdt ek wol it 'knuffelhormoan' neamd, it spilet in sintrale rol by ûnder oare freonskippen, it foarinoar soargjen en de bining tusken mem en bern. "Dat sjochst ek nei in koarrepetysje. By it repetearjen is der wol wat kommentaar of sa, mar nei ôfrin ha se de measte wille".

Kommunikaasje

Stobbe fynt sjongen de meast direkte foarm fan utering, fan keunst. Kinst net rjochtstreekser mei-inoar kommunisearje as mei sjongen. It is net foar neat dat diktators, de potintaten, net fan keunst hâlde en dat keunst de taal fan it ferset is.

De takomst fan ús maatskippij leit yn gearwurkjen, yn it 'meielkoar'. Miskien helpt it as we mear sjonge, en werom net, we kinne it allegearre. Sjongen is alles: keunst, sport, net gefaarlik en bringt minsken byinoar. Sjongen is prachtich.

Harkje nei Jan Ate Stobbe yn Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)