REC Harns hat heechste rendemint fan alle ôffalovens

Omrin ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ôffaloven yn Harns hat it heechste rendemint fan alle ôffalovens yn Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan Miljeu.
It hege rendemint komt foaral trochdat de REC ek waarmte leveret. Dy wurdt yn de foarm fan stroom levere oan it sâltfabryk fan Frisia yn Harns. Sa besparret de REC ek nochris 75 miljoen kúb ierdgas yn it jier.