Asbest derút, bunker fan Grou wer iepen

24 feb 2017 - 15:03

De bunker by Grou is wer iepen foar publyk. In jier ferlyn waard asbest oantroffen yn in technyske romte. Fanwegen de feiligens koene besikers der dêrnei net mear hinne op in pear iepen dagen nei. It asbest is no fuorthelle. Neffens lokaasjemanager Roelof van Gelderen hawwe besikers nea yn gefaar west.

De bunker is boud yn de jierren '60 yn de tiid fan de kâlde oarloch. It deistich bestjoer yn Fryslân waard by kalamiteiten oanstjoerd út de bunker wei.

Yn de bunker sit it Museum Bescherming Bevolking. Dat is sneon iepen yn it ramt fan de maitiidsfakânsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)