Asfalt Poptafiadukt wurdt ynspektearre

24 feb 2017 - 14:27
Asfalt - Foto: Bjarne Henning Kvaale / sxc stock exchange

By it Poptafiadukt yn de Heak om Ljouwert wurdt kommende moandeitemoarn it asfalt ynspektearre. Ferline jier waarden der yn dat asfalt skuorkes fûn. De dyk is dêrop makke. No wurdt besjoen oft dat genôch west hat. Ferkear wurdt ûnder de ynspeksje omlaat. It wurk begjint nei de spits.

Trefwurden: 
Poptafiadukt Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)