"Karnaval Sodom en Gomorra? Net oars as by in doarpsfeest!''

It is hast wer safier: karnaval! Yn it suden wurdt der al wiken nei útsjoen, mar boppe de grutte rivieren slacht it kwealik oan. Op de Ljouwerter freedsmerk wie freedtemoarn net folle te fernimmen fan in karnavalsgefoel. De measten tinke dat Friezen der te nochteren foar binne en dat it ús net yn it bloed sit. "En as hjir dan karnaval fierd wurdt, is it in soarte fan sabeare karnaval". "It Holwerter feest, dêr haw ik genôch oan!"
Mar ek: "Als ik genoeg bier op heb, zie ik het hele leven als carnaval" en "Wij gaan naar Cambuur dat is ons karnaval". Guon minsken hienen wolris karnaval fierd yn it suden, mar nimmen wie dêrnei ferkocht, hoe moai se it ek fûnen. "En Sodom en Gomorra? Dat foel wol wat ta hear, dat is net oars as by de doarpsfeesten: Als de drank is in de man..." En dan wie der ek noch in wize ried: "Sjoch it hiele libben mar as karnaval: nim net alles te serieus!"