Sigaretten hieltyd faker by supermerk kocht

24 feb 2017 - 13:17

Smokers keapje hieltyd faker har sigaretten en sigaren by de supermerk, dat docht bliken út sifers fan ûndersyksburo IRI. Om't it tal smokers net tanimt betsjut dat drege tiden foar de spesjaalsaak, dy krije hieltyd minder klanten.

Ek eigener Jelle van Delden fan in tabakspesjaalsaak op 'e Jouwer merkt de ferskowing. Neffens him spylje de iepeningstiden fan supermerken dêr in grutte rol by. Syn spesjaalsaak is sa'n 45 oeren yn de wike iepen, wylst in supermerk faak wol op it dûbelde komt. Dy lêste hellet dêrmei de klanten binnen.

Nettsjinsteande de konkurrinsje fan de supermerken hat Van Delden der fertrouwen yn dat syn saak it wol rêdt, om't hy mear service leveret as in supermerk: "Ja, wy bliuwe hopen! De minsken goed behannelje, goeie service leverje en goed advys jaan. Dat ha je yn in supermerk net."

Jelle van Delden is sels yntusken 65 jier en kin him troch de AOW wat minder klanten permittearje. Syn soan sjocht lykwols ek noch wol brea yn de tabak en hy nimt meikoarten de saak fan syn heit oer. 

Trefwurden: 
tabak Jelle van Delden
(advertinsje)
(advertinsje)