Kij moatte tenei regelmjittich it lân yn

Boeren wurde tenei ferplichte om harren kij geregeld it lân yn te stjoeren. De Twadde Keamer hat tongersdei yn it alderlêste debat foar it ferkiezingsreses ynstimd mei in foarstel fan de Partij voor de Dieren mei dy strekking. De partij krige stipe fan ûnder oare de PvdA, D66 en SP. De Twadde Keamer seach earder noch ôf fan in ferplichte weidegong.
Steatssekretaris Martijn van Dam sei dat boeren earst sels de tiid krije moatte om de kij faker yn it lân omrinne te litten. Mar dêr kaam de Keamer tongersdei op werom. Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren wie fansels út de skroeven. ''Hard voor gevochten. Aanhouder wint!'', sa sei se op Twitter.
''Niet uitvoerbaar''
Janita ten Berge fan ûndernimmersorganisaasje LTO Noord is minder bliid mei it beslút fan de Twadde Keamer. ''Dit heeft weinig met de werkelijkheid te maken'', sa seit se. ''Op deze manier komen we met zijn allen geen stap verder. Het is niet uit te voeren, de beschikbare ruimte om te weiden is voor veel boeren gewoon te klein.''