Wilma Mansveld oan 'e slach by Water Alliance

24 feb 2017 - 11:35
Wilma Mansveld - Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld sil oan de slach by Water Alliance. Se is no noch waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Dêrfoar wie se steatssekretaris fan ynfrastruktuer en miljeu. By Water Alliance is Mansveld beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch.

Water Alliance hâldt him dwaande mei duorsume en ynnovative wettertechnology. Mansveld folget de eardere kommissaris fan de Kening John Jorritsma op, dy't foarsitter wie sûnt de oprjochting yn 2010 en sûnt in pear moannen boargemaster fan Eindhoven is.

Mansveld is fan 1 maart ôf ek de nije direkteur fan de feilichheidsregio Grins.

Trefwurden: 
Wilma Mansveld
(Advertinsje)
(Advertinsje)