Muzykkorps Advendo wurket mei oan shows Armin van Buuren

24 feb 2017 - 10:42

Muzykkorps Advendo fan Snits wurket op 12 en 13 maaie mei oan de jubileumshows fan Armin van Buuren yn de Amsterdam Arena. De dj sit goed tweintich jier yn it fak en sjocht yn The Best of Armin Only werom. Ferskate artysten jouwe in optreden. Regisseur Jos Thie fan Wergea hat Advendo frege om ek mei te dwaan. It is in eare foar it muzykkorps, sa seit it sels.

Sneon om 15.15 oere op Omrop Fryslân Radio yn Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot mear oer de belutsenheid fan muzykkorps Advendo by de jubileumshows fan dj Armin van Buuren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)