Kompjûterproblemen Ljouwerter Krante: lettere besoarging

24 feb 2017 - 07:16

Troch slimme kompjûterproblemen kin de Ljouwerter Krante freed net yn hiel Fryslân op tiid besoarge wurde. Dat meldt de krante op de webside.

Troch in grutte steuring yn digitale ferbiningen koe der pas om trije oere fannacht begûn wurde mei it printsjen fan de krante. Dat betsjut dat de Ljouwerter Krante freed folle letter op 'e matte falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)