Alle útstrykjes tenei nei Grins foar ûndersyk

23 feb 2017 - 22:49
UMCG Grins - Foto: ANP Kippa

De útstrykjes fan it befolkingsûndersyk nei liifmoerhalskanker (baarmoederhalskanker) yn Noard-Nederlân wurde tenei ûndersocht yn it UMCG yn Grins. Dat meldt RTV Noord. Oant no diene alderhande laboratoaria yn it noarden dit ûndersyk, mar it RIVM hat bepaald dat allinnich fiif kwalifisearre labs yn Nederlân de útstrykjes beoardielje meie. It UMCG is dêr ien fan.

Dat betsjut dat it UMCG alle jierren sawat hûnderttûzen útstrykjes út Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, de kop fan Noard-Hollân en Flevolân ûndersykje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)