Wol stoarmskea, gjin grutte kalamiteiten

23 feb 2017 - 22:03
Stoarm (argyffoto) - Foto: Henk Bootsma

De stoarm fan tongersdei hat op ferskate plakken yn de provinsje foar skea en oerlêst soarge. Grutte kalamiteiten binne oant no ta útbleaun. Op de A6 by De Lemmer waaide in beam op de dyk, wêrnei't dêr in ûngelok ûntstie. It ferkear rjochting De Jouwer stie dêrtroch in skoftke stil. Op de A7 fan Snits nei De Jouwer bedarre in ferkearsboerd op de dyk. It boerd wurdt freed pas wer oprêden. Oant dy tiid kin ferkear mar ien rydstrook brûke.

Fierders waard stoarmskea melden út Wolvegea en Eastermar. De provinsje hat trije kearslûzen tichtset.

Op It Hearrenfean waaiden platen fan de sydgevel fan in flat los. Yn Burgum foel in beam op in hûs en in plattelânsdykje by Boyl waard ôfsletten foar it ferkear fanwege omwaaide beammen.

Trefwurden: 
stoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)