Advys: Gebietsferbod foar gefaarlike hûnen

In gebietsferbod foar gefaarlike hûnen is ien fan de suggestjes fan de Ried foar Diere-oangelegenheden, om ûnakseptabel gedrach fan hûnen foar te kommen. It giet dan bygelyks om hûnen dy't faak bite. Steatssekretaris Van Dam hie de ried om advys frege.
De ried stelt foar om hûnen mei in heech risiko koart oan de riem te hâlden. Se soene ek in bekbân om hawwe moatte. Yn publike romten kin in gebietsferbod jilde foar gefaarlike hûnen.
De ried advisearret fierders om in list fan hûnerassen, krusings en look-a-likes te meitsjen dy't in heech bytrisiko hawwe. Dy list moat sa makke wurde dat er hieltyd wer oanpast wurde kin. Foar hûnen dy't op de list stean, kinne dan ekstra foarskriften jilde.