Profesjonele himpplantaazje ûnder wenhûs, man oppakt

23 feb 2017 - 20:42
(foto as yllustraasje) - Foto: Facebook Plysje Ljouwert en omkriten

In 52-jierrige man út de gemeente Ljouwert is tongersdei oppakt om't er in himpkwerkerij hie. De tige profesjonele plantaazje siet ûnder in hûs. De plysje trof dêr 470 planten oan. Fierders fûn de plysje hast tweintich kilo himpgrús en goed 85 kilo oan himptoppen.

De stroom foar de plantaazje waard yllegaal ôftape. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo. De plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
himpplantaazje
(advertinsje)
(advertinsje)