Fertochten ûntfiering moatte langer fêstsitten bliuwe

23 feb 2017 - 20:24
(stockfoto) - Foto: ANP

Fjouwer minsken dy't fertocht wurde fan de ûntfiering fan in 26-jierrige ynwenner fan Almelo moatte fan de rjochter langer fêstsitten bliuwe. In 26-jierrige man út Surhústerfean, dy't ek oppakt wie, is tongersdei wer frijlitten.

De fertochten soene it slachtoffer ofrûne wykein ûntfierd hawwe. De man út Almelo koe sels fuortkomme en de plysje warskôgje. Hy warskôge surveillearjende plysjes op de Baalder yn Drachten. Hy sei dat er ûnfierd wie en wiisde de plysjes yn de rjochting fan de fertochten.

(advertinsje)
(advertinsje)