"Bytsje mear jild, folle libjender Ofslútdyk"

De Ofslútdyk © ANP
De oannimmer dy't de nije Ofslútdyk bout, kin der foar in bytsje mear jild folle mear libben yn de dyk krije. Der is dan in grutter ferskaat oan bistjes en plantsjes.
De dyk bestiet foar in grut part út basaltstiennen dy't op guon plakken ôfdutsen binne mei in glêde asfaltlaach. Dêr kinne plantsjes harren net oan hechtsje en der binne gjin hoekjes foar bistjes. Yngenieursburo Arcadis hat ûndersyk dien nei it brûken fan stiennen yn de Waadsee. Betoneleminten soene mear libben yn de Ofslútdyk bringe kinne.
It ûndersyk is útfierd yn it ramt fan it programma Nei in rike Waadsee. De Ofslútdyk is it grutste stiennen bouwurk yn de Waadsee.