Hûndert kij dea by brân yn Sânhuzen

23 feb 2017 - 20:56

By in brân yn in stâl by Sânhuzen binne tongersdeitejûn sa'n hûndert kij omkaam. De brân oan de Meuleveldwei ûntstie om sân oere hinne. Al gau wie it fjoer útslaand. De korpsen út omlizzende doarpen binne mei ferskate tankautospuiten en blusweinen útriden om de brân te bestriden.

De brân wie om healwei njoggenen sa goed as ûnder kontrôle. It wenhûs en in oare stâl mei bollen binne net troffen troch de brân. Der binne gjin persoanen ferwûne rekke. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

De brânwacht koe dreech by de brân komme fanwege de auto's dy't yn it paad stiene. De bânwacht rôp minsken op om de blusweinen de romte te jaan.

Trefwurden: 
brân stâl Sânhuzen
(advertinsje)
(advertinsje)