Piet Paulusma hat lyts roltsje yn The Passion

Waarman Piet Paulusma op fiskkarre yn The Passion
Waarman Piet Paulusma kriget in lytse rol yn it live-evenemint The Passion. Hy mei tegearre mei in oare bekende Fries meispylje yn in sêne dy't yn it foar opnaam wurdt. Dy sêne wurdt op it evenemint fertoand op grutte skermen op it Saailân. De minsken thús krije de sêne tusken it live-barren troch te sjen op telefyzje.
Yn de sêne stean beide Friezen yn in fiskkarre, dêr't Jezus it iten foar it lêste jûnsmiel keapet. Wa't de oare bekende Fries yn de fiskkarre is, wol de organisaasje fan The Passion noch net sizze.
Earder waard al bekend dat Elske deWall de rol fan Maria op har nimt. Jezus wurdt spile troch Dwight Dissels, Omri Tindal spilet Petrus en Johnny Kraaijkamp jr. fertolket de rol fan Pontius Pilatus. De rol fan de ferslachjouwer wurdt spile troch EO-presintator Kefah Allush.