Fryske bobsliders teloarsteld yn Nederlânsk bobslydbûn

23 feb 2017 - 18:20

Bobsliders Dennis Veenker fan Damwâld en Rudy Mensink fan Stiens binne teloarsteld yn it Nederlânsk bobslydbûn. Trochdat se by fysike tests te stadich wiene, meie se oankommend wykein net yn aksje komme op it WK yn Súd-Dútslân.

Wat de bobsliders dwers sit, is dat it bobslydbûn ôfspraken net neikaam is. De tests stiene earst foar ein desimber ferline jier op it programma. Se binne ferset nei in letter momint, doe't Veenker en Mensink krekt weromkamen fan in rige wrâldbekerwedstriden.

"Batterij wie leech"

Dy timing wie neffens Veenker net goed: "Oan it begjin fan it seizoen hawwe we fjirtich ôfdalings makke, wylst wy gewoanwei net iens oan de helte komme. Dat hat te folle west foar ús lichem. De batterij siet djip yn it read", fertelt Veenker.

Net taret

Beide manlju hiene gjin kar. Om't twa oare teamgenoaten blessearre wiene, moasten se alle wrâldbekerwedstriden meidwaan. Dat is harren opbrutsen doe't se de tests dwaan moasten foar it wrâldkampioenskip. "Daarop was ik totaal niet voorbereid", seit Mensink. De meidieling dat se net yn 'e WK-ploech sitte, docht dan ek wol sear: "Het is heel frustrerend, maar je wordt er wel sterker van. Dit wil je volgend jaar niet weer meemaken."

"Dat heart by topsport"

It Nederlânsk bobslydbûn seit begryp te hawwen foar de teloarstelling fan beide manlju. Mar neffens it bûn is de proseduere foar de tests yndie feroare. Om't der te folle blessearren wiene, is de test foar it WK ferpleatst. Dat Veenker en Mensink doe net rap genôch wiene, is spitich. Mar dat heart by topsport, sa lit it bobslydbûn witte.

Oympiade 2018

Foar Mensink is it seizoen no dien. Hy is yn augustus oan syn meniskus operearre en nimt no ekstra rêst. Veenker reizget tiisdei ôf nei Súd-Koreä, dêr docht er mei oan de lêste wrâldbekerwedstriid. Dêrnei rjochtet er him op de Olympyske Spelen fan 2018. De Nederlânske bobsliders kinne harren dêrfoar noch kwalifisearje. Sy moatte dan by de wrâldbekerwedstriden wol by de earste tolve einigje. Dit seizoen stean se op it 23e plak, dus it nivo moat omheech. Veenker en Mensink sille dêr hurd mei oan 'e gong gean: "We hawwe gjin keus. Wy moatte dêrby wêze. Dat is it ultime doel!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)