Dyk by Boyl ôfsluten fanwege omwaaide beammen

De Bekhofwei yn Boyl is per direkt ôfsletten foar it ferkear, fanwege it gefaar fan omwaaiende beammen. Troch de hurde wyn binne al trije beammen omwaaid. Steatsboskbehear ferwachtet dat der noch mear omgean sille, as de wyn noch mear oanhellet. De gemeente fynt it dêrom net ferantwurde de dyk iepen te hâlden.
It giet om it stik dyk tusken de Madenwei en de Zandhuizenwei. De ôfsluting duorret oant en mei freed, omdat Steatsboskbehear de omwaaide beammen derwei helje moat.
Yn Burgum is troch de hurde wyn in beam op in hûs fallen. Dat wie oan de Ymkerstrjitte. De beam lei heal oer it dak. De brânwacht rêdt de beam op.