Wurkstraf foar ponghâlder dy't 11.000 euro achteroerdrukt

23 feb 2017 - 17:02
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De eardere foarsitter en ponghâlder fan fuotbalferiening Blue Boys fan Nij Beets hat in wurkstraf fan hûndert oeren krige, omdat er jild fan de klup achteroerdrukt hat. Hy krige ek in moanne selstraf ûnder betingst.

De man hat yn de tiid dat er ponghâlder wie goed 11.000 euro yn eigen bûse stutsen. Hy woe it jild brûke om syn skulden ôf te lossen. De fertsjustering kaam oan it ljocht doe't it bestjoer fan de fuotbalklup de rekkens fan de renovaasje fan it klupgebou net mear betelje koe. De man moat it jild werombetelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)