Wyld bijefolk út omseage beam yn Grou rêden

Grou is in wyld bijefolk earmer en Wergea ien riker. By it omseagjen fan beammen oan de Volmawei yn Grou is in bijefolk yn in holle beam op 'e houtstapel bedarre. In foarbygonger seach dat en skeakele ymker Tinus Bijlsma fan Wergea yn.
De bijen hawwe it net allegearre oerlibbe, mar de ymker hat der no tûzenen bijen by. Sy stean no by kunde yn kasten yn 'e stâl.
De ymker fynt it skande dat de minsken dy't de beammen delhelle hawwe, it der sa hinne lizze litten hawwe. De bijen en de huningskiven wiene hiel goed te sjen. By de Fryske ymkers is der yn 'e regel altyd wol ien te finen dy't komme wol om in folk wylde bijen te rêden.