Cambuur krijt in museum

Sportklup Cambuur begjint in klupmuseum yn it Historisch Centrum Leeuwarden. Yn it museum komme âlde shirts, posters, programmaboekjes en tagongskaartsjes, mar de klup siket ek bysûndere items fan leafhawwers. It is eins de bedoeling dat it Cambuurmuseum in plakje krijt yn it nije Cambuur-stadion, mar salang't de bou dêrfan net wis is, stelt it Historisch Centrum Leeuwarden in plakje beskikber. Minsken dy't guod hawwe kinne dat bringe.