Mear as hûndert himpkwekerijen oprôle yn 2016

23 feb 2017 - 15:25
In plysjeman yn in himpkwekerij

Yn Fryslân binne ferline jier 108 himpkwekerijen oprôle. By in grut part dêrfân waard yllegaal stroom ôftape. Dat seit netbehearder Liander. It yllegaal ôftaapjen fan stroom kostet lanlik sjoen alle jierren tsientallen miljoenen euro's.

De netbehearders en de plysje wurkje nau gear by it opspoaren fan himpkwekerijen. Want njonken dat der sa in soad jild misrûn wurdt, smyt it ek gefaarlike situaasjes op as minsken de stroomliedingen sels omlizze.

Trefwurden: 
himpkwekerijen Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)