Twa automobilisten ferwûne troch botsing by Hichtum

23 feb 2017 - 14:26
Foto: AS Media

By in ûngelok op de krusing fan de Westergoawei en de Schwartzenbergwei boppe Hichtum binne woansdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten opinoar nei't ien fan de auto's de krusing oerstekke woe en gjin foarrang ferliende. Beide bestjoerders moasten troch de brânwacht út harren auto helle wurde. De dyk waard tydlik ôfsletten. Op de krusing barre faker ûngelokken. Ynkoarten wurdt de krusing feiliger makke.

Trefwurden: 
botsing ferwûnen N359 Hichtum
(Advertinsje)
(Advertinsje)