Winkeldief wol twa laptops meinimme yn spesjale tas
De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in 34-jierrige winkeldief sûnder fêst wenplak oanhâlden. De man waard yn in winkel oan de Hidalgowei trappearre doe't hy twa laptops stelle woe. De man hie in spesjale tas by him om de befeiliging te omsilen. Hy moat him op 31 maaie foar de rjochter ferantwurdzje.