Seis Fryske programma's nominearre foar NL-Awards

Mar leafst seis Fryske programma's binne nominearre foar de NL-Awards 2016, de jierlikse ûnderskiedings foar de bêste programma's fan de regionale omroppen. De NL-Awards wurde elk jier útrikt en binne in inisjatyf fan de Stichting ROOS. Seis programma's fan Omrop Fryslân, yn de kategoryen duiding, bêste tv-programma, bêste radioprogramma, bêste onlineprojekt, dokumintêre en fernijend, binne nominearre.
Nominaasjes
Yn de kategory duiding is de reportaazjerige 'Mohamed' fan Simone Scheffer nominearre. Scheffer folge in jier lang de Syryske famylje Haj Ali, dy't yn septimber 2015 yn de krisisopfang yn Harns telâne kaam. Foar bêste tv-programma is in ôflevering fan 'Kening Hert & Harry Hazze' útkeazen. Dat is in programma foar bern út groep 1 en 2 fan it basisûnderwiis.
'Burn-out by jongeren' is nominearre as bêste radioprogramma. Annagreet Miedema fertelt yn dizze radiodokumintêre har eigen ferhaal oer hoe't se sels in burn-out krige. Yn de kategory bêste onlineprojekt is 'De Camper' nominearre. De Omrop Fryslân Camper ried yn de simmer sân wiken lang en sân dagen yn de wike troch de provinsje.
Yn de kategory dokumintêre is 'It Swarte Goud' útkeazen. Dizze dokumintêrerige giet oer it Frysk hynder as eksportprodukt, mar ek as symboal fan de Fryske identiteit. As sechde Fryske nominaasje komt 'Fiel de Nacht' oan bod. Presintator Bart Kingma ûntfong op Flylân fiif bekende Friezen yn in mobile studio, om mei har de nacht troch te bringen.
Utrikking
De NL-Awards wurde op 22 maart 2017 útrikt by de ROOS Dagen yn it NatLab yn Eindhoven.