"Gaswinning Vermilion by It Hearrenfean moat direkt ophâlde"

Vermilion moat per direkt ophâlde mei it winnen fan gas ûnder de wenwyk Skoatterwâld en it bedriuweterrein IBF/De Kavels by It Hearrenfean. Dat seit de gemeente Hearrenfean yn in brief oan minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken. Hearrenfean kaam der yn desimber ôfrûne jier pas achter dat Vermilion út de boarput by Langsweagen yn buorgemeente Opsterlân al twa jier gas wint út de boaiem ûnder de wenwyk en it bedriuweterrein.
Tekoartsketten
Net allinich is Vermilion neffens de gemeente tekoartsketten yn har ynformaasjeplicht, it winnen is ek yn striid mei de mynbouwet, om't it ministearje it winningsplan noch net goedkard hat. Boppedat hawwe gemeenten sûnt jannewaris advysplicht oer gaswinplannen.
Nulmjitting
Dat advys is hjir nea ôfjûn om't Hearrenfean fan neat wist. Dêrneist easket Hearrenfean dat der earst in nulmjitting fan wenningen en bedriuwen dien wurdt om te sjen hoe't de steat fan de gebouwen is.