Wilma Mansveld: ''Voel me nu een klein beetje Fries''

23 feb 2017 - 10:54

''Ik voel me inmiddels een klein beetje Fries.'' Dat seit waarnimmend boargemaster Wilma Mansveld fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Mansveld sil fan 1 maart ôf oan de slach as direkteur fan de Feilichheidsregio yn Grins. Se wurdt opfolge troch Jeroen Gebben, dy't yn desimber as nije boargemaster oankundige waard.

''De Friezen, dat is een cultuur die heel diepgeworteld zit'', sa seit Mansveld. ''Ik denk dat die ook in de genen zit. Dat is bij mij natuurlijk niet zo. Maar ik heb me altijd ontzettend welkom gevoeld hier.''

''Erg leuk en boeiend''

De eardere steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu hat it nei har sin hân yn Fryslân. ''Het was voor mij in eerste instantie erg leuk en ook boeiend om lokaal bestuur van dichtbij te zien. Je werkt heel nauw samen met de mensen. Je kunt echt iets betekenen voor de lokale inwoners. Op provinciaal en landelijk niveau sta je verder weg.''

Ynsidint yn Burgum

Mansveld waard al rillegau nei har ynstallaasje konfrontearre mei in ynsidint by it azc fan Burgum. In groep bewenners protestearre dêr by it gemeentehûs, om't minsken dy't hjir graach yn Nederlân bliuwe woenen, weromstjoerd waarden. 

''Wonen in een azc is heftig'', neffens Mansveld. ''De ouders en de kinderen hebben vaak stress en spanning. Het was een vervelend incident. Het raakt je, ook omdat er kinderen bij betrokken zijn. Het heeft wel wat met me gedaan.''

Grins

Nei it aventoer yn Fryslân giet Mansveld aanst per 1 maart oan de slach as direkteur by de Feiligheidsregio yn Grins. ''Ik woon al dertig jaar in de stad Groningen. Ik zei altijd dat noorderlingen op elkaar lijken, maar een Fries is een Fries en een Groninger is een Groninger.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)