''Ik bliuw benijd nei wat Fryslân allegearre te bieden hat''

It telefyzjeprogramma ‘Ik bin benijd!’ kriget in ferfolch. In nagelnij panel giet op 'en paad om Fryske keunst en kultuer te ûntdekken. Jûn sjogge wy op telefyzje, om 18.45 oere, werom nei it âlde en foarút nei it nije seizoen. Om alfêst in bytsje yn de kunde te kommen mei de nije dielnimmers, stelden wy in oantal fragen oan Hendrik Boonstra en Lidwien Broenink.
Yn de earste ôflevering op 2 maart giet Lidwien nei it Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard. De âld-molkfarder Ruurd Wiersma beskildere syn hiele wenning en makke tsientallen skilderijen. Hendrik giet op syk nei syn eigen komôf by Tresoar en besjocht yn de katakomben de skatten út it argyf.
Hoe kaamst derby om dy op te jaan foar Ik bin benijd?
Hendrik: ‘’Ik haw my opjûn om’t ik benijd wie nei wat der op kultureel mêd allegearre te belibjen falt yn Fryslân. Ek om’t ik sels út wat in ‘rûge hoeke’  kom. Ik bin nammentlik sjonger yn de Fryske ‘Tongerband’ Jitiizer, dus dat hat wol in aardich kontrast mei wat ik mei Ik bin benijd! meimeitsje.’’
Lidwien: ‘’Ik seach de oprop op Facebook en fûn it fuortendaliks sa leuk! Spontaan haw ik my opjûn, mar ik tocht: ‘’ik wurd it dochs net!’’. Ik bin der eins sûnder ferwachtingen yn gongen en haw der fierder net echt by neitocht.’’
En dan giest op ‘en paad… mei in kamera! Hoe is dat?
Lidwien: ‘’O, ik hie der wier gjin muoite mei! Hie der neat fan yn ‘e gaten om’t ik mear dwaande wie mei wêr’t ik wie en al it moais dat der te sjen wie. Dat komt miskien ek wol om’t der tsjintwurdich by myn baan as trouamtner ek in soad filme wurdt. En ja, dan bist ek allinnich mar dwaande mei it breidspear en net mei de kamera.
Hendrik: ‘’Mei in kamera omgean fyn ik net sa lestich. Dat bin ik natuerlik ek wol wend troch myn muzykhobby.’’
Watfoar aardige dingen bist oant no ta tsjinkommen?
Hendrik: ‘’By Tresoar bin ik aardige saken tsjinkommen. Sa is myn komôf útsocht: ik blyk stambeamtechnysk in folbloed Fries te wêzen! Wat ik ek hiel moai fûn om te besjen, wie it âldste Fryske skrift; de trouakte fan Rembrandt.’’
Lidwien: ‘’Ik fyn it entûsjasme fan de minsken faak it moaist. Dêr hâld ik echt fan en dan makket it my suver net iens mear út wêr’t ik bin en wat it is. It is prachtich hoe’t minsken suver libje foar in museum en hoe’t se der mei passy oer fertelle. By it Ruurd Wiersma Hûs wist ik net wêr’t ik sjen moast; je komme dat hûs binnen en álles is beskildere! Ik wie letterlik ‘omhulle’ troch de skilderijen. Ik bliuw benijd nei wat Fryslân allegearre te bieden hat!’’
Ik bin benijd! is fan moandei 2 maart ôf alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen op Omrop Fryslân. Alle moandeis dêrfoar is it programma eksklusyf as earste te besjen op Finsteropfryslan.frl.