Sanne Wevers moat Sineeske turnsters foargean litte

23 feb 2017 - 10:12
Sanne Wevers - Foto: ANP

Turnster Sanne Wevers hat by har earste optreden op de balke, sûnt har gouden Olympyske Spelen, twa Sineeske turnsters foargean litte moatten. Se helle by de kwalifikaasjes foar de wrâldbeker yn it Australyske Melbourne in skoare fan 13.866, wylst de Sineeske turnsters 14.666 en 14.366 skoarden. De finale is kommende sneon.

De nasjonale en Fryske sportfrou fan it jier probearret yn Melbourne nije oefeningen. Se is rêstich oan it opbouwen nei it EK yn april. De skoare wêrmei't se ferline jier yn Rio Olympysk goud wûn, wie 15.466.

(Advertinsje)
(Advertinsje)