Radarkontrôles yn Súdwest-Fryslân: hast hûndert bekeurings

Snelheidskontrôle © Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn de gemeente Súdwest-Fryslân op ferskate plakken ferkearskontrôles hâlden. It giet om saneamde radarkontrôles op plakken dêr't in soad klage wurdt oer ferkearsoertrêdingen.
Bygelyks by Aldegea op de Rigedyk, dêr waarden 138 auto's kontrolearre wêrfan der seis te hurd rieden. Ek yn Snits waarden op twa plakken goed 1500 auto's kontrolearre. De plysje dielde dêr yn totaal 91 bekeuringen út.