Wytmarsum siket jong kreatyf talint foar KH2018-musical

22 feb 2017 - 22:53

Wytmarsum makket him op foar ferskate kulturele aktiviteiten yn it jier fan Kulturele Haadstêd 2018. It doarp sil dat ophingje oan trije histoaryske doarpsbewenners dy't eartiids yn Wytmarsum wenne hawwe: sportfanaat Pim Mulier, Frysk dichter Gysbert Japicx en menist Minne Simens, better bekend as Menno Simons.

Stichting Expeditie Wytmarsum wol ûnder oare yn novimber 2018 in musical opfiere, dêr't it tema 'krimp' in grutte rol yn spylje sil. Dêrfoar is it needsaaklik om jong kreatyf talint út 'e omkriten yn te setten.

Reden foar de stichting om in rige workshops te organisearjen dêr't jongerein yn 'e kunde komme kin mei aktearjen, mar ek mei saken lykas dekôrbou of it meitsjen fan kostúms. Woansdeitejûn joech de jonge akteur Niek Roozen, bekend fan ferskate jongereinprogramma's fan de lanlike stjoerder Zapp, de earste workshop oer toaniel. Sawat fyftjin jongeren gienen mei syn akteartips oan de slach.

(advertinsje)
(advertinsje)