Bern leegje earste amers wetter yn boukûp akwadukt Harns

22 feb 2017 - 20:58

It earste wetter sit yn it nije akwadukt by Harns. Skoalbern fan de groepen 7 en 8 út Harns en Mullum hawwe woansdei de earste amers wetter yn de boukûp fan it akwadukt lege. Dêrmei is in belangryk punt yn de bou fan de nije N31 by Harns berikt.

Ein dizze wike gean de pompen oan en sil de boukûp hielendal folrinne. It akwadukt begjint dan te driuwen. It wurdt dan ein maart nei it definitive plak fearn.

Trefwurden: 
akwadukt Harns
(advertinsje)
(advertinsje)